Betingsten

Bungalow Donna Antonia is ornearre as fakânsjeferbliuw foar op syn heechst seis persoanen, húsdieren yn oerlis.

Linnenguod, handoeken en sa mear, en bêdeguod (lekkens, dekbêdhoezen en slopen) moatte jo sels meinimme. Byneed kinne jo kontakt opnimme mei ferhierbedriuw   ‘De Linnenkast’,
till. 0519 – 55 65 69.

Hierperioade:
De hierperioade giet yn op de dei fan oankomst de middeis om 14:00 oere.
De hierperioade einiget op de dei fan fertrek de moarns om 10:00 oere.
De hierpriis is ynklusyf btw, enerzjy,  internet en WiFi, cai en toeristebelesting.

strandpaal

Oare kosten:
By it reservearjen wurdt jo in boarchsom fan € 100,- yn rekken brocht.
As de wente of de ynboedel net skansearre binne en de wente kreas achterlitten is, dan krije jo de boarchsom binnen 14 dagen nei ôfreizgjen werom.

 

De kosten foar it skjinmeitsjen oan de ein binne € 65,-  De wente moat biezemskjin oplevere wurde, dat wol sizze gjin smoarge ôfwask stean litte, ôfwaskmasine leech, fornús himmel, kuolkast skjin, jiskepûde yn de kontener en sa mear.

 

Wize fan beteljen:
As de hieroerienkomst fêstlein is moatte jo de hiersom yn twa terminen betelje.
De earste termyn, 50% fan de hiersom, moat binne 7 dagen nei it ûndertekenjen en weromstjoeren fan de hieroerienkomst oermakke wurde.
De twadde termyn moat uterlik seis wike foar de de yngongsdatum fan de hier oermakke wêze.